Datum: 14-10-2019 - 20:42
03
sep
'18
Ynkoarten te keap: Cultuurkalender Fryslân 2019
Geschreven door Redactie Blik Op Weststellingwerf

Ynkoarten te keap: Cultuurkalender Fryslân 2019

Nei it grutte sukses fan de Skuorkalinder Leeuwarden- Fryslân 2018 komt Utjouwerij Bornmeer ek dit jier mei in skuorkalinder: Cultuurkalender Fryslân 2019 – op ’e nij nei in idee fan Gerbrich van der Meer en prachtich
foarmjûn troch Gert Jan Slagter. De gearstalster socht...

foar dizze kalinder gearwurking mei fjirtjin Fryske musea. Mei 365 dagen ferhalen, anekdoates en weetjes wurdt de lêzer in jier lang traktearre op bysûndere ynformaasje
oer Fryslân en de wrâld. Oer skiednis, natuer, sport, godstsjinst, middenstân en taal, en fansels oer kultuer. Yn Cultuurkalender Fryslân 2019 fertelle de musea de moaiste ferhalen oan de hân fan in objekt út harren
kolleksjes. Dy objekten jouwe ferrassende ynkykjes yn it libben fan ús foarâlden dy’t ús wengebiet en ús tinken mei foarme hawwe Witte jo bygelyks wêrom’t Fryske boargers yn ’e midsiuwen in learene amer yn hûs hawwe moasten?
Hoe’t it kin dat yn Dokkum in heale Rembrandt hinget? Wêrom’t Eise Eisinga syn bêd hast mei in klok dield hie ynstee fan mei syn frou? Wat in pistoalskot yn Fryslân te krijen hat mei it DNA fan kening Willem-Alexander? Wêrom't der yn 1956 gjin Alvestêdewinner wie? De lêzer sil him in jier lang ferbaze en fernuverje, ferbite en fermeitsje, mar foaral genietsje fan al dy moaie ferhalen oer Fryslân en de wrâld. Neist dizze ferhalen befettet de Cultuurkalender Fryslân
2019 eltse dei ferwizingen nei aktiviteiten en tentoanstellingen fan de fjirtjin dielnimmende musea. Cultuurkalender Fryslân 2019 is fan sa. 1 oktober 2018 ôf te keap by de boekhannel en by Utjouwerij Bornmeer
ISBN: 978 90 5615 4790 SIDEN: 736
UTFIERING: Paperback NUR: 014
TAAL: Frysk & Nederlânsk PRIIS: € 15,00
Utjouwerij Bornmeer, Hellingbaas 1, Gorredijk | T. 0513 490 319 - Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. - www.bornmeer.nl

Meest populair

  • Zonnepark Noordwolde bijna gereed om stroom te leveren.
  • Drukte op het Lindefestival in Wolvega
  • 31 velden vol korven en meer dan 1000 korfballende kinderen
  • 13e editie Oldtimer toertocht startte met 90 oude tractoren.
  • Ynkoarten te keap: Cultuurkalender Fryslân 2019